Yn funksje op it skûtsje: de roefmaster

Link naar video: https://www.omropfryslan.nl/nijs/830567-yn-funksje-op-it-skutsje-de-roefmaster

Stadichoan nimt de skûtsjekoarts ta. Op sneon 4 augustus steane de fjirtjin skûtsjes oan de start fan in nij SKS-kampioenskip, klear om mei-inoar de striid oan te gean. Mar nei de titel farre docht in skûtsje net samar, der sit in hiele ploech minsken op mei elk harren eigen taak. De dagen foar de start fan it kampioenskip sjogge wy, yn gearwurking mei Omroep MAX, nei dy ferskate funksjes. Freed roefmaster Sifra Dijkstra fan it skûtsje De Heale Moanne.

Yn funksje op it skûtsje: de roefmaster

It skûtsjesilen is fan sneon 4 augustus ôf 14 dagen te folgen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en fia de livestream op Omropfryslan.nl en de omrop app. Yn gearwurking mei Omroep MAX makket Omrop Fryslân dit jier foar de twadde kear it Skûtsje Journaal. Dat programma wurdt útstjoerd fan 4 augustus ôf om 17.25 oere op NPO1.